Fryslân´s ferneamste hûn stiet sintraal op in fleurige fertoaning mei rasferteller Douwe Kootstra en keunstner Tjibbe Hooghiemstra. Har poadiumoptreden is foar it lêst op freed 24 maart om 20.00 oere yn de Skierstins te Feanwâlden. Wat wit komt stabij Liv sels ek.
Stabij´s binne leave hûnen, mar och sa beweeglik, drok en yn minske-eagen senuweftich. Douwe Kootstra hat der in moai ferhaal oer skreaun, oer in útfanhuzers-stabij mei wa´t er op ´en paad wie yn de Noardburgumer bush-bush. Under de toarnen kamen baas en hûn wer thús.
Tjibbe Hooghiemstra´s hûn Liv is ek in stabij en yn koroana-tiid joech dit hûsdier in protte fleurichheid yn hûs. Dat sette him oan ta it meitsjen fan in hiele seary tekeningen. Dat foel net ta mei de stabij, dy´t muoite hat om stil te sitten en om it minste wer opspat. ,,Fan de sirka 100 tekeningen dy´t ik makke ha, binne der hiel wat op de steapel ´ferkeard´ belâne.´´
Dochs wiene der noch hiel wat dy´t de muoite wurdich wiene. Mei ferhalen en teksten fan Douwe Kootstra is der in moai geskinkboek makke, mei ek in Hollânsktalige útjefte: STABIJ. It is in oade oan de minske yn de hûn.
Koppele oan dit boek is ´Stabij on toer´ makke. Op dizze jûn ynterviewt Kootstra de keunstner oer de tekeningen en it fenomeen stabij. Hij lêst fragminten foar út it boek en fertelt in bisteferhaal.
Hooghiemstra ynterviewt Kootstra oer it boek, oer it fertellen en skriuwen, ja oer fan alles. Op de jûn binne ek de orizjinele tekeningen út it boek te sjen. It opdraven fan syn stabij Liv kin net útsluten wurde. Ynteraksje mei it publyk wurdt op priis steld.
Der is al in protte ynteresse yn dizze jûn. Graach reservearje fia info@schierstins.nl of till. 0511 472937 (weekends).
Entree: € 9,50, inclusief pauze-consumptie (donateurs Schierstins € 7,50)
