Cultureel Historisch Centrum De Schierstins

Contact Info

Iers / Welsh / Frysk concert

Iers / Welsh / Frysk concert

Iers / Welsh / Frysk concert

Op sneontejûn 11 oktober fynt yn De Schierstins in konsert plak dêr't Fryske, Ierske en Welshe folkmuzikanten yn gearwurkje. In dei letter, op sneintemiddei 12 oktober, wurdt dat konsert werhelle by It Podium yn Drylts. 
De Welshe en Ierske muzikanten komme spesjaal nei Fryslân en wurkje dat wykein yntinsyf mei-inoar gear. Se leare inoars kultuer en taal kennen en fertale dy útwikseling nei nije muzyk. Minderheidstalen as Frysk, Skotsk-Gaelysk, Welsh en Gaelysk steane dêrby sintraal. 

It programma bestiet út: 
  • Padraig Jack (Ierlân)
     
  • Gwilym Bowen Rhys (Wales)
     
  • Worldwide Welshman (Wales)
     
  • Mayte (Fryslân)
     
  • Grymtosk (Fryslân) 
De konserten wurde presintearre troch De Schierstins, Celtic Neighbours, Friesland Pop, Afûk, Friese Lente en It Podium. Mei dit projekt wolle de organisaasjes nije ferbiningen lizze en de basis foarmje foar duorsume gearwurking tusken muzikanten út ferskate regio’s en minderheidstalen. 

Bestel snel dyn kaarten foar dit konsert!

Donateurs kinne hjir harren kaarten bestelle.