Cultureel Historisch Centrum De Schierstins

Contact Info

Konsert Fegebart duo

Konsert Fegebart duo

Konsert Fegebart duo

Fegebart komt fan it sân en de klaai yn it noardeasten fan Fryslân. De band lit dizze streek ta libben komme yn in unike en enerzjike mjuks fan alternatieve rock en folk.

De Frysktalige teksten geane oer fertroude Fryske saken: in moeting yn de kroech, dy keardel út it doarp, in gefoel út de jeugd, it wetter yn de feart. Mar hoe gewoan at it dekôr ek liket, it wurdt altyd op in bysûndere wize beljochte, mei dúdlike leafde foar (ús) taal.  

Yn de Skierstins spilet Fegebart as akoestysk duo. Krekt wat minder kabaal as oars, mar wol like enerzjyk en yntins. Ferwachtsje nûmers as ‘Bingojûn’ (Liet-winner 2024), ‘Heitelân’ (Fryske top 100), ‘Boerejonge’ en hjir en dêr in passende cover. En tuskentroch in ferhaaltsje út de omkriten, al of net wier bard. In jûne muzyk en ferhaal yn eigen taal. Oant dan!