Cultureel Historisch Centrum De Schierstins

Contact Info

Presentatie dichtbundel Jan Hendrik Woudstra

Presentatie dichtbundel Jan Hendrik Woudstra

Presentatie dichtbundel Jan Hendrik Woudstra

Jan Hendrik Woudstra komt mei dichtbondel ‘Fryske Flarden’

Nei sân dichtbondels mei wurk yn it Nêderlânsk en it Frysk komt Jan Hendrik Woudstra fan Dokkum no mei in folslein Frysktalich boek. Hy presintearret Fryske Flarden op 8 maart 2026, 14.30/16.00 oere Skierstins yn Feanwâlden. Dêrnei is de bondel te keap foar 15,95 euro fia de boekhannels of publish.pinne.nl/woudstra.

“De gedichten yn dizze bondel binne ûntstien út stikjes tinzen. Do kinst ek sizze: út flarden”, seit Jan Hendrik Woudstra (1963) oer syn nijste bondel. “Flarden út myn libben, mominten. Se fine plak yn de rin fan de dei of nacht. Ik hoopje dat de lêzers flarden út harren eigen libbens deryn werkenne sille.”

Neffens Bea Kooistra dy’t it foarwurd skreau is Fryske Flarden in bondel dy’t rekket. “Jan Hendrik
Woudstra nimt ús mei yn in wrâld dy’t tagelyk fertroud en nij oanfielt: it Fryske lânskip, ôfbrutsen yn yndrukken, oantinkens en mominten dy’t as losse flarden foarby waaie - mar yn syn taal ta in ienheid smeid wurde.”

De krêft fan dizze bondel sit wat Kooistra oanbelanget krekt yn dy flarden. “It binne gjin grutte ferhalen of lûd útsprutsen stellingen. It binne lytse observaasjes, sêfte tinzen, mominten fan ferstilling dy’t oars maklik weiwurde soene yn ’e drokte fan alle dagen. Jan Hendrik hat it fermogen om krekt dy foarby glydzjende details fêst te hâlden, se even út ’e wyn te tillen, sadat wy se sjen kinne sa’t hy se sjocht.”

Woudstra sil syn bondel presintearje op 8 maart fan 14:30/16:00 uur Skierstins, Haadstrjitte 1 yn Feanwâlden (Frije ynrin) It boek is dizze middei fansels ek te keap, krekt as syn oare bondels (foar safier noch beskikber). Wa’t net nei de presintaasje komt, kin it boek foar 15,95 euro bestelle fia de eigen boekhannel of by útjouwerij De Pinne fia publish.pinne.nl/woudstra.