Jan Arendz en Marijke Geertsma ha 37 jier by Tryater wurke en binne sûnt 2013 tegearre J&Mteaterwurk, dus al mear as 50 jier op de planken en yn ‘e spots. Mar hoe komme je alle jierren wer oan in stik en wat komt der allegearrre by sjen om it dan ek op de planken te krijen? Wa moatte it spylje, wa docht de rezjy, hoe sit it mei it dekôr en de klean en wa giet as technicus mei op paad? Hoe moatte je je as akteur tariede op de te spyjen ro(len)?
En hoe is it om as man en frou yn itselde fak te sitten… Ek binne der oer de ôfrûne toanieljierren in protte grappige foarfallen te fertellen…
Mei oare wurden: “it wurdt in boeiend petear fan foar en achter de skermen.”
Priis: €8,50, donateurs betelje €7,50.